Uit De Pet van maart 2020
100 jier!!
It is alwer in stikmannich jierren lyn dat der “foar yn DE PET” geregeld libbensferhalen oanrikt waarden troch in âld “ALDE LEIESTER om utens” út Maastricht.
Kees Krottje skreau dan ferhalen oer syn belevenissen út syn wurktiid by de plysje en de resjerzje.
Op 8 april 1920 is Kees Krottje berne Oan ’e Slink nr. 8 yn Alde Leie (de 1e helte fan de doe dûbele wente).
Hy hopet kommende 8 april 2020 dus 100 jier te wurden. It soe wol aardich wêze dat er dan ek wat kaarten krijt út syn bertedoarp.
Hjirby de oprop, syn adres is:
Vlierhoven 46 B, 6225 HK MAASTRICHT